Nije skipper Ljouwerter skûtsje

© Omrop Fryslân
Epi van der Pol fan Wâldsein wurdt de nije skûtsjeskipper fan Ljouwert. De kommisje fan Ljouwert en de SKS moatte de foardracht noch bekrêftigje. Foarsitter Boonstra fan it Ljouwerter skûtsje befestiget lykwols de kandidatuer fan Van der Pol.
Van der Pol wie de ôfrûne jierren ûnder Ulbe Zwaga fokkenist op it Ljouwerter skûtsje. Zwaga is foar 3 jier skorst. Van der Pol komt út in skipperslaach en hat in boateferhierbedriuw yn Wâldsein.