Ferset tsjin sloop huzen Starum

24 mrt 2003 - 00:00

Tsjin de sloop fan sechtjin huzen yn Starum bestiet fûl ferset. De hierwenten fan wenningbouferiening Nijefurd steane oan de Schans en it Houtland. Fiif dêrfan wurde noch bewenne. Mei de sloop fan fjouwer wenten is ferline wike al begûn.

Op it plak komme nije hier- en keapwenten. Dêrmei wurdt neffens tsjinstanners it oansjoch fan Starum skeind. Boppedat soene de nije hierwenten te djoer wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)