Accell nimt Cannondale net oer

24 mrt 2003 - 00:00

Fytsfabrikant Accell op It Hearrenfean sil it Amerikaans-Europeeske Cannondale nét oernimme. Ien fan de finansiers fan Cannondale, Pegasus Partners, hat in heger bod dien as Accell. De fytsfabrikant wol net noch heger biede.

Accell woe mei de oername fan Cannondale in grutter ferskaat oan fytsmerken bringe. It Amerikaanske konsern makket djoere fytsen fan hege kwaliteit. Cannondale hat in jieromset fan 135 miljoen dollar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)