Stientiid yn Koatstertille?

© Omrop Fryslân
De bou fan senioarewenten yn Koatstertille rint fertraging op troch argeologysk ûndersyk. Op de hoeke Tillebuorren - Alde Dyk stiet in nij kompleks foar de âlderein pland.
Lykwols, der binne fermoedens dat yn 'e grûn resten út 'e stientiid sitte. De gemeente hat ûndersykburo Raap ynskeakele en betellet sels de kosten. De âlderein fan Koatstertille sit te springen om it nije kompleks, dêr't in lyts tritich wenten yn komme.