Ynformaasje set út ein

© Omrop Fryslân
Ynformateur Reitsma praat moandei en tiisdei mei de fraksjefoarsitters yn Provinsjale Steaten. De boargemaster fan Wymbritseradiel wol útfine wat de foarsitters yn it nije bestjoersakkoart hawwe wolle. Ek wol er witte hokker fraksjes in sit hawwe wolle yn it nije kolleezje fan Deputearre Steaten.
Op syn lêst op 3 april is der in iepenbiere gearkomste mei de fraksjefoarsitters. Dêryn sil Reitsma tekst en útlis jaan oer syn befinings.