Toptiid foar Mariska Kramer

© Omrop Fryslân
Mariska Kramer-Postma wie sneon hurder as ea by de heale maraton op 'e Like yn Grinslân. By de Leekster Lenteloop sette se in tiid del fan 1.17.51, in minút hurder as har âlde toptiid fan 23 desimber. De Drachtster wie yn dizze rin har konkurrinten fier oermânsk.
Maaike Hornstra fan Jellum waard twadde en wie dêrmei ek de rapte feterane. Yn dizze kategory waard Jacintha Fancel fan Ljouwert twadde. Jacob van de Ley waard earste by de 40+-manlju.