Hearrenfean: 'te min karakter'

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean koe it sneontejûn lang net hâlde tsjin Feyenoord. De Feansters moasten mar leafst fiif tsjingoals ynkassearje en skoarden sels net. De Friezen toanden yn dizze útwedstriid net folle karakter. Duels joegen se rillik gau op en ek yn 'e ferdigening wie in soad mis.
Neffens trainer Foppe de Haan wie Hearrenfean ' te leaf' foar de Rotterdammers. Van Hooijdonk (3 x), Van Persie en Buffel makken de goals.