Winkelmeiwurker krijt klappen

23 mrt 2003 - 00:00

In 45-jierrige meiwurker fan in winkel yn Ljouwert hat sneon klappen krigen fan in 22-jierrige stedsgenoat. De fertochte kaam de winkel yn en joech de meiwurker sûnder direkte oanlieding in pear petsen yn it gesicht. It slachtoffer rekke dêrby ferwûne.

De fertochte naaide nei syn die út. Hy koe letter op de Ikestrjitte yn 'e wyk Bilgaard yn 'e Fryske haadstêd oanhâlden wurde. De man is oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)