Audysjes foar Kening Lear

© Omrop Fryslân
Oer de hûndert bern haw sneon audysje dien foar in rol yn Kening Lear. Tryater hat foar dit spektakel seis jonge akteurs nedich. Sy meie 8 oant 12 jier âld wêze. Begjin april sette de repetysjes út ein.
Oan kening Lear dogge mei-inoar sechstich spilers mei. It Shakespeare-stik wurdt yn maaie en juny njoggentjin kear opfierd yn it Frysk Hynstesintrum yn Drachten. Rients Gratama spilet de haadrol.