Lichem Wim Roest fûn
It stoflik omskot fan de fermiste Wim Roest is sneontemiddei fûn yn it Hearrenfeanse kanaal. De 47-jierrige man út Hearrenfean wie net mear sjoen sûnt 21 febrewaris.
De man wie doe mei psychyske problemen fuortrûn út it GGZ-sintrum op It Hearrenfean. Earder smieten wiidweidige sykaksjes fan plysje, famylje en Urker fiskers neat op.