Meldings oer Dokterswacht

22 mrt 2003 - 00:00

188 minsken hawwe dizze wike har positive en negative ûnderfinings mei de Dokterswacht trochjûn oan it IKG. Dit buro is ûnderdiel fan it pasjinte- en konsuminteplatfoarm Fryslân.

It platfoarm hat de hiele wike berikber west foar minsken dy't wat oer de Dokterswacht te melden hiene. Minsken bellen bygelyks oer de berikberens fan de Dokterswacht. It platfoarm sil de befinings nije wike mei de Dokterswacht beprate.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)