Ringslangen nei Tsjûkemargebiet

© Omrop Fryslân
Lânskipsbehear Fryslân sil dizze maaitiid besykje om in grut tal ringslangen te ferhúzjen nei it gebiet om de Tsjûkemar hinne. De reptilen sitte no noch yn it natuergebiet Brandemeer by Aldlemmer.
Se hawwe mear rûmte nedich om as soarte te oerlibjen. De slangen wurde mei de oanlis fan tsien briedplakken nei it nije wenplak lokke. Grûneigners moatte dêrfoar lytse stikjes grûn ta beskikking stelle.