H'fean wol fan Kokmeijer ôf

© Omrop Fryslân
Sportklub Hearrenfean wol it kontrakt mei spits Niels Kokmeijer ûntbine. De klub wol dêrfoar gebrûk meitsje fan in opsje yn it kontrakt. Kokmeijer is it mei dy opfetting net iens. Neffens him hat hy de ôfspraken yn it kontrakt net wier meitsje kinnen om't er hiel lang blesseard west hat.
Neffens Kokmeijer sil der arbitraazje oan te pas komme moatte om út te meitsjen wa fan de partijen gelyk hat.