NOM: oaral yn it noarden ADSL

21 mrt 2003 - 00:00

De NOM wol dat alle telefoansintrales fan Noard-Nederlân geskikt makke wurde foar breedbân ynternet (ADSL). De KPN is ree om dat te dwaan as de provinsjes garant steane foar eventuele ferliezen. It giet hjirby om in bedrach fan op syn meast 13,7 miljoen euro.

Neffens plakferfangend NOM-direkteur Van der Beek kin op dizze wize breedbân ynternet binnen in jier oer it hiele noarden útrôle wurde. Soks is tige wichtich foar it bedriuwslibben.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)