Mear winst foar Fryslân Bank

© Omrop Fryslân
De Friesland Bank hat yn 2002 goed buorke. De bank hat nettsjinsteande de ekonomyske delgong 48 miljoen euro winst makke, acht prosint mear as in jier earder. It ferlies op oandielen hat de Fryslân Bank kompensearje kind mei oprinnende rinte-opbringsten.
De Fryslân Bank jout gjin winstferwachting foar 2003, mar tinkt dat dy leger útkomt as yn 2002. Dat fanwege de ûnstabile situaasje op de finansjele merk.