Pruis & Zonen út Burgum fallyt

21 mrt 2003 - 00:00

Pruis & Zonen út Burgum is fallyt. De rjochtbank hat tongersdei it fallissemint útsprutsen oer it izerflechtbedriuw. By Pruis & Zonen wurkje goed fyftich minsken. Neist de haadfestiging yn Burgum is der noch in produksjebedriuw yn Grinslân.

Neffens kurator Rotshuizen hat Pruis it fallissemint oanfrege omdat de leankosten hieltyd heger útfalle. Rotshuizen sil noch mei de direksje prate oer de takomst fan it personeel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)