Saak oerfaller Hietkamp útsteld

20 mrt 2003 - 00:00

De saak tsjin de oerfaller op Sibbele Hietkamp is útsteld. Tsjin de 21-jierrige haadfertochte út Kollumersweach wie ferline jier sân jier sel en tbs mei twangferpleging easke. De rjochtbank hat besletten dat de haadfertochte earst nei it Pieter Baan sintrum moat foar observaasje.

De saak komt dan binnen trije moannen opnij foar. Hietkamp (85) waard op 6 desimber oerfallen yn syn pleats yn Kollumersweach. Hy rekke swier ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)