Fryske feehannelers nei België

© Omrop Fryslân
In groep fan sa'n 41 feehannelers binne tongersdei ôfsetten nei Luik yn België om weidfee te keapjen. Yn Nederlân is de hannel yn weidfee op de feemerk ferbean sûnt de tongblierkrisis. Boeren meie mei inoar wol hannelje, mar dat kostet tefolle tiid en jild.
Yn België mei it weidfee wol gewoan op de merk ferkocht wurde. Nederlân is it iennichste lân yn Europa mei sokke strange regels. Der sil in nije wet komme, mar dat lit noch op him wachtsje.