Beurs foar 50-plussers yn FEC

© Omrop Fryslân
Foar de moderne 50-plusser is tongersdei yn it FEC yn Ljouwert de Seniorenbeurs 50+ iepene. De beursflier is ferdield yn de fjouwer seizoenen: simmer, hjerst, winter en maaitiid.
It oanbod op de beurs is tasnijd op de âlderein, mar hâldt ek rekken mei it imago fan de senior dy't tennist, fytst, oan fitness docht of graach reizgje mei. Tongersdeitemoarn waard de beurs noch net drok besocht.