Theun de Vries tsjin de oarloch

© Omrop Fryslân
Tsientallen bekende Nederlanners stypje mei in oprop de demonstraasje tsjin de oarloch, no sneon yn Amsterdam. Ien fan harren is de hast 96-jierrige skriuwer Theun de Vries, dy't yn Amsterdam wennet. De Vries is poer op de Amerikaanske oanfal op Irak tsjin.
In demonstraasje hat ek no doel, sa fynt De Vries. "Je moatte dúdlik meitsje dat je je der net by del lizze", sa seit er. Sels rint er fanwege syn âldens net mear mei.