F-16's langer yn Kirgizië

20 mrt 2003 - 00:00

De Nederlânske F-16's bliuwe langer yn Kirgizië. De gefjochtsfleantugen stypje de Amerikaanske grûntroepen yn Afganistan by harren tsjin Al-Qaeda en Taliban-ienheden. De Twadde Keamer hat woansdei ynstimd mei de ferlinging fan 'e perioade.

It is noch net krekt dúdlik wat it beslút betsjut foar de Ljouwerter militêren yn Kirgizië. De kâns is oanwêzich dat guon fan harren dêr no langer bliuwe moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)