Oerienstimming oer waadrinnen

© Omrop Fryslân
De sân waadrinorganisaasjes yn Nederlân hawwe oerienstimming berikt mei de trije 'waadprovinsjes'. De partijen hawwe meiïnoar ôfspraken makke oer it tal waardrintochten dat der hâlden wurde mei, en it tal minsken dat der oan meidwaan mei.
Sûnt 1995 wurde der ôfspraken oer makke, om't doe bepaald waard dat in fierdere groei fan it tal waardrinners net winsklik wie. De nije oerienkomst jildt foar de kommende fiif jier.