100 meldings oer Dokterswacht

19 mrt 2003 - 00:00

De meldwike foar konsuminte-erfarings fan Dokterswacht Fryslân hat oant no ta al hûndert reaksjes opsmiten. De meldwike wurdt organisearre troch it Fryske Pasjinte- en Konsuminteplatfoarm nei in protte klachten oer de tsjinstferliening fan de nije húsdoktersposten.

Om in goed byld te krijen fan de ûnderfinings mei de Dokterswacht, kin elk syn eigen ferhaal dêroer trochjaan op telefoannûmer 0900-2437070.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)