Aksje foar Sinezen yn Wolvegea

19 mrt 2003 - 00:00

Mei de Sineeske famylje Ku al of net yn Nederlân bliuwe. Dat is de fraach dy't de Wolvegeasters fan woansdei ôf yn in enkête beantwurdzje kinne. Enkêteurs steane op alle drokke plakken yn it doarp. Mei as úteinlik doel: druk útoefenje op de IND om de famylje net nei Sina werom te stjoeren.

Nei in ferbliuw fan 15 jier moat it Sineeske gesin yn Wolvegea it lân út. In aksjekomitee fan lilke ynwenners is dêrom begûn mei de enkête.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)