Ekstra drokte foar Schaaf

© Omrop Fryslân
It befeiligingsbedriuw Schaaf yn Twellegea hat it ekstra drok troch de driigjende oarloch tsjin Irak. Grutte bedriuwen en organisaasjes binne benaud dat se doelwyt wurde fan oanslaggen en freegje stipe fan it bedriuw.
Nei de oanslaggen op 11 septimber 2001 op it WTC yn Amearika krige it bedriuw in soad nije opdrachten. It befeiligingsbedriuw nimt no tsientallen nije minsken oan om de ekstra drokte oan te kinnen.