NOM: oanlis breedbân stimulearje

© Omrop Fryslân
Der moat gau in stimulearringsregeling komme foar it oansluten fan bedriuwen op ADSL-breedbân ynternet. Dat skriuwt de NOM yn in advys oan de trije noardlike provinsjes. Foar streken dêr't breedbân net beskikber is en komt, moatte alternativen lykas triedleaze ferbinings ûndersocht wurde.
ADSL en triedleas ynternet kinne neffens de NOM wolris in goedkeaper en folweardich alternatyf wêze foar de glêsfezelkabel.