Terp mei skatten yn Warkum

18 mrt 2003 - 00:00

Yn Warkum is op in bouterrein in âlde terp fûn mei skatten. De bouplannen foar 250 lúkse wenningen is dêrom foarearst stillein. De skatten binne goed bewarre bleaun troch in flinke laach klaai. De terp wie bewenne yn de tolfde en trettjinde ieu. Dat is frij unyk foar Fryslân. Der binne ek wetterputten fûn, ôffalkûlen en plakken dêr't fjoer stookt is.

De gemeente wol it archeologyske plak hâlde en bout huzen om de terp hinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)