Ferslaafde frou oanhâlden

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintenacht in frou fan 22 út Kollum oanhâlden. Se waard sliepend yn har auto fûn by in bushalte yn Noardburgum. It slagge de plysje mei muoite om har wekker te meitsjen. Dat kaam omdat se ûnder ynfloed fan drugs wie.
De frou is op it plysjeburo ûndersocht troch in dokter. Dy konstatearre dat se sa ferslaafd is dat se net ynsletten wurde koe. Se is dêrom wer frijlitten. Wol waard har rydbewiis ynnaam. Se krige ek in proses-ferbaal foar it ark dat se yn har auto lizzen hie. De plysje tinkt dat it foar ynbrekkerij bedoeld is.