Dongeradiel is leefber

18 mrt 2003 - 00:00

Ynwenners fan de gemeente Dongeradiel binne oer it generaal tefreden oer de leefberens yn de gemeente. Dat is de konklúzje fan in grut ûndersyk. Mear as twatûzen ynwenners ha rapportsifers jûn foar saken as wenomjouwing, grien- en boartersfoarsjennings, kriminaliteit en ferkear. It einsifer lei boppe de sân.

De wichtichste konklúzjes binne dat Dongeradielsters har feilich fiele, mar ek dat se fine dat der op in soad plakken fierste hurd riden wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)