Nij sosjaal sintrum yn Dronryp?

© Omrop Fryslân
Dronryp krijt mooglik in nij multy-funksjoneel sintrum. De stifting berneopfang Noardwest Fryslân is mei it pjutteboartersplak, de speeloteek, de biblioteek en it jongerewurk dwaande nei in ûndersyk of sa'n sintrum finansjeel helber is.
Alle ynstânsjes hawwe no romtegebrek. Hoewol de gemeente Menameradiel foarearst net mei jild oer de brêge komt, wolle de ynstânsjes in nij gebou.