Fryske Kameleonfilm nei Brussel

© Omrop Fryslân
De film 'De Kameleon sjocht yn it waar' fan 'e Fryske studinteferiening Bernlef reizget wer de grins oer. Op inisjatyf fan it Flaamske tiidskrift 'Meervoud' wurdt de film op snein 27 april fertoand yn kultureel sintrum Ten Weijgaert yn Brussel.
De fertoaning yn Brussel wurdt ien fan de lêste. Nei 30 april sil Bernlef de film net mear fertoane, om de Nederlânsktalige film fan Steven de Jong net yn it paad te sitten.