Earste sulveren polske útrikt

© Omrop Fryslân
De 12-jierrige Sander Bokma fan It Heidenskip is de earste winner fan it sulveren polske. Dy nije priis fan it Bûn fan Fryske Fûgelbeskermingswachten wurdt útrikt oan de jonge of it famke fan op syn meast tolve jier, dy't it earste ljipaai fan Fryslân fynt.
Sander Bokma fûn dat earste aai sneontemoarn tsjin tsienen by syn wenplak. Bokma joech it aai moandei oan deputearre Andriesen yn ruil foar it sulveren polske.