Blau-Wyt kampioen oergongsklasse

© Omrop Fryslân
Troch in 14-13 oerwinning op Koog Zaandijk waard Blau-Wyt Hearrenfean snein kampioen yn 'e oergongsklasse D. Blau-Wyt promovearret no nei de haadklasse. It wie in bysûnder spannende wedstriid. De rêststân wie 7-7. De beslissingswedstriid waard op neutraal terrein yn Lelystêd spile.
Blau-Wyt waard oanmoedige troch sa'n 300 fanatike supporters. Blau-Wyt is takommend jier de iennichste Fryske ploech, dy't yn 'e haadklasse spilet.