Postma stelt teloar

© Omrop Fryslân
Ids Postma hat by de 1500 meter op de WK ôfstannen gjin medalje helle. De reedrider lei syn favorite ôfstân ôf yn 1.49,15. Dat wie goed foar it sechsde plak.
Winner op de 1500 meter waard Erben Wennemars. Wennemars, dwaande mei in tige sterk seizoen, ried 1.47,80. Dêrmei wie er 0.66 flugger as de nûmer twa, de ferrassende Ralf van der Rijst. Foar favoryt Lalenkov wie it seizoen te lang, hy kaam der net oan te pas.