Frysk hynstesintrum rêden
It Frysk Hynstesintrum yn Drachten is foarearst rêden. Wol stapt it bestjoer fan 'e feriening Frysk Hynstestamboek, de eigner fan it sintrum op. Dat is de útkomst fan 'e ekstra ledegearkomste fan freedtejûn. Op dy gearkomste frege in groep ferûntrêste leden it bestjoer om op te stappen en dat barde ek.
Likegoed stimden de leden yn mei it rêdingsplan. Dat hâldt yn dat alle leden 50 euro betelje om it sintrum op syn minst oant 1 juny iepen te hâlden.