Tongersdei ûnderhannelings DS

© Omrop Fryslân
De partijen yn Provinsjale Steaten sille nije wike tongersdei foar it east prate oer de foarming fan in nij kolleezje fan deputearre steaten. It CDA hat as grutste partij mei 16 sitten it inisjatyf. Gearwurkje mei de PvdA (15 sitten) leit tige foar de hân.
Der kin ek noch in partij by. Dêrby kin tocht wurde oan de grutte winner fan ôfrûne tiisdei de FNP (7 sitten) of oan de hjoeddeiske koalysjepartner VVD mei 6 sitten.