Arjan Ebbinge nei Helmond Sport

14 mrt 2003 - 00:00

Ferdigener Arjan Ebbinge fan SC Hearrenfean makket it seizoen ôf by Helmond Sport. Ebbinge wurdt ferhierd. Hy sil him moandei melde yn Brabân. Ebbinge spile earder foar FC Grins en Veendam.

Ebbinge kaam yn 2000 nei it Hearrenfean. Omdat er de lêste tiid hast net mear oan spyljen takaam wurdt er no ferhierd. Syn kontrakt mei Hearrenfean rint noch troch oant de simmer fan 2004.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)