Mooglik ûntslaggen by Heijmans

14 mrt 2003 - 00:00

By Heijmans Stork Infratechniek yn Ljouwert ferdwine mooglik 50 banen. Dat ferwachtet it CNV. Boukonsern Heijmans kundige tongersdei oan dat it snije sil yn it personeelsbestân, fanwege de ûnwisse situaasje op de merk. Ek yn Ljouwert soene ûntslaggen falle.

By de oername fan it eardere Stork Infratechniek troch Heijmans yn jannewaris waard noch sein dat dat gjin gefolgen ha soe. Reden foar it CNV om net akkoart te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)