200 ideeën foar Fryske Marren

14 mrt 2003 - 00:00

In eilân yn de Sleattemermar of in soarte fan waadeilannen yn de Fluessen. Dat binne in pear fan de 200 ideeën op in list fan it provinsjale projekt Fryske Marren foar twa fargebieten. It giet dan om de rûte Snits-Starum en de rûte fan de Galamadammen fia de Luts nei de Sleattemermar.

De 200 ideeën komme fan minsken dy't dêr wenje, wurkje of farre. Fan alle ideeën bliuwe der 50 projekten oer dy't yn 2004 of 2005 útfierd wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)