Ljouwert pakt prostitúsje oan

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert wol ôf fan de yllegale prostitúsje yn de stêd. Offisjeel soe der mar ien prostituee mei in fergunning wurksum wêze. Der wurdt rûsd dat der lykwols noch 200 sûnder fergunning wurkje. De measten komme fan bûten Europa.
De sekseksploitanten krije oant de simmer de tiid om harren wurknimsters op te jaan. Dêrnei set de gemeente yllegale prostituees út. Ek is der mear tafersjoch op de massaazjesalons.