Earste ljipaai K'lân en H'fean

12 mrt 2012 - 10:10

Wieger Andries Wouda fan Ie hat sneintemiddei it earste ljipaai fan de gemeente Kollumerlân fûn. Hy fûn it oan de Beintemawei by Westergeast. It wurdt moandeitemoarn oanbean oan boargemaster Bilker.

It earste ljipaai fan Hearrenfean is ek fûn. Hennie van der Heide fan Aldhoarne seach it moandeitemoarn lizzen yn 'e greide by bedriuweterreinn It Hearrenfean-Súd, Van der Heide fûn ek al yn 2007 en 2008 it earste ljipaai fan de gemeente. Boargemaster Van der Zwan nimt it moandei yn ûntfangst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)