Sinezen op strjitte set

13 mrt 2003 - 00:00

De Sineeske famylje Ku is woansdei troch de IND út harren hûs yn Wolvegea set. Nei sechtjin jier binne se útprosedearre en dus yllegaal. Troch in plysje en in doarwarder binne se op strjitte setten.

Partijleden fan de SDP en GrienLinks hawwe it gesin foarearst nei in hotel yn Wolvegea brocht. De Sinezen komme net yn oanmerking foar in mooglik generaal pardon. Wolvegeasters hawwe in aksje opstart om jild yn te sammeljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)