Spilers fjochtsje ûntslach oan

© Omrop Fryslân
It ûntslach fan de trije Cambuurspilers Johan Abma, Kenan Durmusoglu en Robert Loontjes krijt noch in juridysk sturtsje. Johan Abma hat it spilersfakbûn al ynskeakele en ek Loontjes en Durmusoglu sjogge goede mooglikheden foar juridyske stappen.
Cambuur hat de spilers nammentlik yn desimber al mûnling in nij kontrakt foar in jier tasein. En ek in mûnlinge tasizzing is rjochtsjildich, sa sizze de trije spilers.