Dongeradiel bang foar opslach

13 mrt 2003 - 00:00

De politike partijen yn Dongeradiel binne skrokken fan it ûndersyk dat der komme moat nei de opslach fan kearnôffal. De partijen binne benaud dat de sâltkoepel by Ternaard dêrfoar yn de beneaming komt.

De Europeeske Kommisje easket dat de lidstaten yn 2008 in plan klear ha foar de ûndergrûnse kearnôffalopslach. De gemeente hat him altyd ferset tsjin de opslach. De risiko's foar minsken en omjouwing binne te grut.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)