Ein foar VVV Fryske Marren?

© Omrop Fryslân
It gearwurkingsferbân fan fiif VVV's yn it Fryske marrengebiet hâldt mooglik op. Fjouwer fan de fiif dielnimmende gemeenten jouwe gjin subsydzje. Mei elkoar moatte se 50.000 euro bydrage oan de VVV Fryske Marren. De stipe komt net fanwege problemen by de VVV yn Boalsert en jildkrapte by Boarnsterhim.
As de gemeenten net gau mei jild komme, hâldt it op, seit de direkteur. Dan komt der in ein oan de mienskiplike aktiviteiten.