'DS moat stêd net ferjitte'

13 mrt 2003 - 00:00

De boargemasters fan Ljouwert, Snits, It Hearrenfean en Drachten wolle mear omtinken foar de funksjes fan it plak dêr't se earste boarger binne. Dêrom jouwe se tongersdei in manifest oan de foarsitters fan de steatefraksjes.

Yn de kampanjes is der neffens de boargemasters in soad omtinken frege foar it plattelân. It nij te foarmjen kolleezje fan Deputearre Steaten moat ek each hawwe foar de ynfloed fan de stêd op dat Fryske plattelân, fine se.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)