Earste ljipaai is fûn

12 mrt 2003 - 00:00

It earste ljipaai fan Fryslân is woansdeitemoarn fûn. Christiaan Noordhuis (33) út Boalsert hat it fûn by Spannenburg, ticht by it plak dêr't it aai ferline jier ek fûn waard. It giet om in twake. De beide aaien binne al lottere yn Boalsert.

It ljipaai wurdt tongersdeitejûn oanbean oan de Kommissaris fan de Keningin Nijpels. Noordhuis wie al in wike oan it sykjen nei it earste ljipaai. Hy is in betûft aaisiker.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)