Read potlead of stimkompjûter

11 mrt 2003 - 00:00

Stimme bart mei de kompjûter of mei it potlead. Sa is it yn de measte gemeenten. Yn Dongeradiel is it wat oars. Mei 19 kompjûters hat de gemeente genôch om elkenien stimme te litten.

Mar op in buro dêr't minder as 400 minsken stimme meie, wurdt it op de âlderwetske wize dien. Der binne acht potlead-stimburo's. De gemeente kiest derfoar om minsken stimme te litten yn har wenplak. Mooglik feroaret dat as it stimbiljet yn de takomst ferdwynt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)