Noch rûzje by Enna Aerosol

11 mrt 2003 - 00:00

De ûndernimmingsried en de direksje fan Enna Aerosol ha noch hieltyd rûzje. Dat hat te krijen mei de oanpak fan de reorganisaasje by it bedriuw dat spuitbussen follet. De ûr fynt dat de direksje te min ynformaasje jout. De ried kin sa net beoardielje oft de foarnommen reorganisaasje goed is. In ûnôfhinklik tuskenpersoan holp net.

De fakbûnen sille moandei mei de direksje en de ûndernimmingsried prate om in oplossing te finen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)