Nijpels mei in masker op?

© Omrop Fryslân
Kommissaris Nijpels set tiisdei mooglik in karnavalsmasker op. Dat docht er as mear as 63 prosint fan de Friezen stimt by de provinsjale steateferkiezings. Nijpels hat dat moandei tasein by de útrikking fan de Fryske reklamepriis.
By de foarige steateferkiezings hat 54 prosint fan de Friezen nei de stimbus west. Lanlik sjoen wie dat heech. De kommissaris skatte de kâns hiel lyts yn dat er it masker yndied op ha sil. Elkenien mar nei de stimbus dus.